Sportkanaal op Omroplive los

Omrop Fryslân begjint op snein 8 maaie om 14:00 oere mei in sportradiokanaal op ynternet. Mei it sportradiokanaal op www.omroplive.nl wol Omrop Fryslân sportfans op 'e hichte hâlde fan de sport dy't him op sneintemiddei ôfspilet op de Fryske sportfjilden.
Dizze simmer sil dat fral it keatsen wêze. Mar ek de einfaze fan de amateurkompetysjes fan it fuotbal en oare sporten komme oan bod. Op 8 maaie is der ekstra omtinken foar de frije formaasje keatspartij yn Frjentsjer.