Friesinger krijt eigen leelje

Anni Friesinger, troud mei Dearsumer Ids Postma
Ald-reedrydster Anni Friesinger fan Dearsum dopet no tiisdei yn de Keukenhof by Lisse har eigen leelje. It giet om in leelje fan it type Oriëntal. Dat de Dútse Friesinger in Nederlânske leelje nei har ferneamd krijt is ek mei in knypeach nei it jiertema fan de Keukenhof. Dat is Dútslân, lân fan dichters en tinkers.
Anni Friesinger is net de earste reedrider nei wa't in blom ferneamd is. Ard Schenk en Marianne Timmer giene har foar.