Harkemase Boys wint útduel

07 maaie 2011 - 17:24
  • Dennis Krohne (foto: awfoto.nl)

Harkemase Boys hat yn de topklasse in knappe útwinst helle tsjin Sparta Nijkerk. It waard 3-2 foar de ploech fan trainer Wieb Rodenhuis. Yn it swiere duel troch it waarme waar, kamen de Boys op foarsprong troch Jordy van Wijk. Krekt foar rêst krige de thúsklup in penalty en giene beide ploegen mei in 1-1 stân oan de tee.

Yn de twadde helte kaam Sparta op in 2-1 foarsprong, mar troch treffers fan Bergsma en Krohne pakten de Boys dochs de oerwinning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)