Atsma tinkt oan maatregels

Steatssiktaris Joop Atsma yn Harns
It ministearje fan ynfrastruktuer en miljeu tinkt oan ekstra maatregels fanwege de no al wiken lang duorjende droechte. Dat sei steatssiktaris Joop Atsma sneon yn Harns. Atsma wie by de iepening fan de jachthaven.
Oant no ta binne der troch it ministearje noch gjin konkrete maatregels naam. De sitewaasje wurdt neffens Atsma wol sekuer yn de gaten hâlden. De droechte duorret al twa moanne. Pas oer in pear wike wurde de earste serieuze reinbuien ferwachte.