Seisklapper foar ONS Snits

07 maaie 2011 - 16:45

Haadklasser ONS Snits hat sneon mei in 6-1 oerwinning geweldich úthelle tsjin HZVV. De ploech út Hoogeveen kaam yn de twadde minút troch in benutte en twiveleftige penalty noch wol op foarsprong. Mar dernei wie de ploech fan trainer Jan Vlap dy't foar bêst op sloech. De doelpunten wiene fan Yoshua van Marle en Oane Hornstra (beide 2), Martijn Roosenburg en in eigen treffer.

Trochdat Staphorst fan Drachtster Boys ferlear, is it ferskil mei plak trije noch mar ien punt foar ONS.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)