Fûgels hawwe lest fan droechte

07 maaie 2011 - 16:20
  • It lân is droech

Foar in greidefûgel is der net trochhinne te kommen. Sa hurd is de grûn. Ornaris brûke se harren snavel om ûnder de grûn fretten te finen, mar troch de lange droechte falt dat net ta. Yn Lytsewâld (Augsbuert) is sneon praat oer it probleem op de Fryske neisoarchdei.

Tal fan fûgelleafhawwers en deputearre Kramer binne te gast by boer Beets om te sjen hoe't hy mei de greidefûgels om giet. Beets hâldt syn lân wiet sadat de fûgels wol fretten fine kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)