Hallum: protest tsjin trekkers

07 maaie 2011 - 14:15
  • De auto's steane sa parkeard dat trekkers der allinnich hiel stadich ridend omhinne kinne

De bewenners fan 'e Grienedyk yn Hallum hawwe skjin har nocht fan it lânbouferkear dat troch de strjitte giet. Se binne bang dat der hjoed of moarn ûngelokken barre sille. Se hawwe dêrom by wize fan protest de auto's bryk oer de dyk parkeard, sadat trekkers der allinnich hiel stadich ridend lâns kinne.

De Grienedyk is in paralleldyk yn de beboude kom mei in soad fytsferkear. De leanbedriuwen binne it folslein mei de bewenners iens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)