Plysje útskolden op It Fean

07 maaie 2011 - 13:53

De plysje hat op It Hearrenfean in 35-jierrige ynwenner fan dat plak oanhâlden fanwege it misledigjen fan de plysje. De man siet yn in auto dy't freedtejûn delset waard op in parkearplak oan de Dimpte Molewyk dêr't mei grutte letters NP - net parkeare - stie.

Doe't de plysje de sjauffeur hjirop oanspruts skold de byrider de plysjes út en misledige harren. De Feanster waard dêrop oanhâlden en foar neier ûndersyk meinommen nei it plyjseburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)