Katten bedriigje greidefûgels

07 maaie 2011 - 10:17

De agraryske natuerferiening de Noordelijke Friese Wouden ropt eigners fan katten op om de bisten oant en mei 15 july binnen te hâlden.

De losrinnende katten frette jonge greidefûgels op. It probleem bestiet al langer. Ek ferwyldere katten ha it op de greidefûgels foarsjoen. Jagers meie op ferwylderde katten sjitte, mar dy binne net maklik te pakken te krijen. Dêrom de oprop fan de boeren om de hûskatten foaral binnendoar te hâlden as de greidefûgels briede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)