Mokselbanken op Waad klear

07 maaie 2011 - 09:14

Foar de kust fan Skiermûntseach binne freed de lêste mokselbanken oanlein as ûnderdiel fan in grut eksperimint om de moksels op droechfallende platen werom te krijen. Dit projekt Waddensleutels is ek by Skylge en It Amelân útfierd.

Fiif jier wurdt no byhâlden hoe't it him ûntwikkelt. De moksels wurde op kokosmatten dellein omdat se oars net hechtsje oan it slyk dat hieltiden troch waadpieren oer de kop helle wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)