Woudagemaal op syk nei bel

06 maaie 2011 - 19:48

De direksje fan it nije besikerssintrum fan it Woudagemaal by De Lemmer is op syk nei in bel. It giet om de bel dy't brûkt is troch keninginne Wilhelmina by de iepening fan it Woudagemaal op 7 oktober 1920. Op dit stuit wurdt hurd wurke oan de bou fan it nije besikerssintrum.

Ek wurdt der drok neitocht oer de ynrjochting. De direksje soe dêrfoar graach de bel wer ha wolle as foarbyld om in replika te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)