Mooglik staking by tabakfabryk

© Omrop Fryslân
De kâns is grutter wurden dat moandei staakt wurdt by it fabryk fan Imperial Tobacco op 'e Jouwer. De fakbûnen en de direksje kinne it net iens wurde oer in leansferheging. In ultimatum fan de bûnen om derút te kommen rûn om 12.00 oere freedtemiddei ôf. Dit wykein is der wer oerlis mei de direksje. Is der dan noch gjin akkoart, dan wurdt it wurk moandeitemoarn betiid dellein. By it fabryk wurkje likernôch trijehûndert minsken.