Nije bestimming De Boom

© Omrop Fryslân
Keunstwurk De Boom fan Herman van der Heide sil fan nije wike ôf wer te sjen wêze yn Ljouwert. It keunstwurk is tolve meter heech. It hat goed 35 jier foar de âlde HTS, letter de NHL oan de Tesselschadestrjitte stien. Dêr moast it lykwols wei fanwege de sloop fan de skoalle.
No snein krijt it keunstwurk in nij plakje by de Anne Vondelingwei. De kommende wiken wurdt it ek noch opknapt. Dêrnei folget in offisjele ûntbleating.