Ljouwerter Krante op iPad

06 maaie 2011 - 10:04
  • Redaksje fan de LC (foto: Omrop Fryslân)

De Ljouwerter Krante komt freed as earste regionale krante fan Nederlân mei in applikaasje foar de iPad. Dat is de platte tabletkompjûter fan Apple. Mei sa'n app kin op dy lytse kompjûter de krante lêzen wurde. In soad lanlike en bûtenlânske kranten binne op sa'n manier al te besjen op de iPad of op oare tablets.

De Ljouwerter Krante hat skoften wurke oan de ûntwikkeling fan de tapassing foar de iPad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)