Ungelok mei fytsklup

06 maaie 2011 - 10:02

By in fytsûngelok by Vegelinsoard is tongersdeitejûn ien man slim ferwûne rekke. Hy fytste mei tsien oaren op de Vegelinswei. Twa rekken byinoar yn it tsjil en foelen. Wer in oar is dêrnei oer harren hinne fallen. Alle trije wiene ferwûne.

De traumahelikopter is oproppen om it slim ferwûne slachtoffer nei it UMCG yn Grins te bringen. Hy hat ferwûnings oan de holle, mar it liket derop dat er gjin bliuwende skea oan it ûngelok oerhâlde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)