Bever fûn by Langwar

06 maaie 2011 - 07:51

By Langwar is tongersdei in bever fûn. Dy bisten komme eins net yn Fryslân foar. De bever is nei fûgelopfang De Fûgelhelling yn Oerterp brocht. It liket derop dat it om in wylde bever giet. Hy reagearret net op minsken. It iten fan 'e opfang soarget ek net foar in soad reaksje by it bist. Hy is lykwols wol gek op tûken.

De fûgelopfang sil freed besykje om derachter de kommen wêr't it bist krekt weikomt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)