Brân yn natuer Koartehimmen

05 maaie 2011 - 17:32

Yn it natuergebiet by Koartehimmen hat tongersdeitemiddei brân west. Om kertier oer fjouweren krige de brânwacht de melding binnen en waard de blusgroep fan Beetstersweach derop ôf stjoerd. Letter waard de brân opskaald nei middelbrân en kaam ek de brânwacht fan Drachten yn aksje.

Goed fiif oere wie de brân ûnder kontrôle. Der is in stik natuer fan 100 by 60 meter ferlern gien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)