Drokte op befrijingsfestival

05 maaie 2011 - 16:15

It befrijingsfestival yn Ljouwert is om ien oere tongersdeitemiddei begûn mei in estafette-fakkeloptocht dy't útkaam by de Prinsetún. Dêrnei gie it festival los, lykas op it Noardewyn-poadium fan Omrop Fryslân.

Optredens op it Noardewyn-poadium wiene der ûndermear fan De Hûnekop, Vangrail, De Suskes, Orka en it duo Griet Wiersma & Anneke Douma. Mei it moaie waar kaam der in soad folk op ôf. It Ljouwerter befrijingsfestival duorret noch oant jûn alve oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)