Mûne Windlust restaurearre

05 maaie 2011 - 15:41

Windlust yn Wolvegea, de grutste nôtmûne fan Nederlân, is restaurearre. De mûne wie de lêste jierren flink oantaast troch de bûnte kjifkrobbe. De yn 1888 boude mûne stiet midden tusken de bebouwing. Yn de rin fan 'e tiid rekke de mûne yn ferfal en yn 2005 waard dûdlik dat de bûnte kjifkrobbe aardich warber is.

Oare wike freed wurdt de mûne offisjeel iepene. In dei letter, op nasjonale mûnedei, is er iepen foar it publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)