Cambuur yn selde opstelling

05 maaie 2011 - 12:43

Cambuur sil freed yn de thúswedstriid tsjin FC Zwolle yn deselde opstelling spylje as ferline wike tsjin MVV. Sandor van der Heide is noch altyd blessearre en dat jildt ek foar Van der Laan en Hese.

Dennis van der Ree begjint wer as sintrale ferdigener. Mark de Vries hat siik west, mar begjint wol yn de basis. By winst op FC Zwolle is Cambuur wis fan in plak yn de top fiif. Dat betsjut dat se de earste ronde fan de neikompetysje frij hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)