Oerlêst oesterbank Skylge

De CDA-fraksje fan de ried op Skylge wol fan de Japanske oesterbank op it eilân ôf. De oesterbank leit yn de haven en wurdt dêr hieltyd grutter. Dêrtroch is der minder trochstreaming mooglik en dat soarget der wer foar dat de haven stadichoan tichtsliket.
Der moat dêrom hieltyd faker baggere wurde. Probleem is lykwols dat de haven op Skylge ûnderdiel útmakket fan in Natura 2000 gebiet en dus in beskerme status hat. It is dêrom de fraach oft der wat oan dien wurde kin.