Huzen ûntromme fanwege brân

05 maaie 2011 - 10:51

De brânwacht hat woansdei yn de Priorstraat yn Snits in tal huzen ûntromme fanwege in brân. Dy wie yn in túnhúske achter ien fan de huzen, dêr baarnde ek in skutting ôf.

De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei de huzen. Ut foarsoarch moasten de bewenners der dus wol út. Oer it ûntstean fan de brân is noch neat bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)