Fertochten fan deaslach oppakt

De plysje hat woansdeitemiddei twa ynwenners fan Ljouwert oanholden foar besykjen ta deaslach en swiere mishanneling. Earder dy dei troffen aginten in 28-jierrige ferwûne man oan yn in tún yn de Giekstrjitte yn de stêd. It slachtoffer is nei alle gedachten mei in ûnbekend ding slein.
It is net dúdlik wat de oanlieding wie foar de mishanneling. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs.