Gaslieding Ie-Ingwierrum

B&W fan Dongeradiel wolle meiwurkje oan de oanlis fan in gaslieding tusken Ie en Ingwierrum. Dy is ornearre om gas te transportearjen dat by Ie út 'e grûn helle wurde sil. Dat wurdt dien op in gaswinlokaasje dy't oan de Tibsterwei boud wurdt.
It gas sil dêrnei troch de nije lieding nei in besteande gaswinlokaasje yn Ingwierrum transportearre wurde. Fan dêr ôf giet it fia besteande liedings nei in behannelynstallaasje yn Gryptsjerk.