Sportkoai foar Snitser jeugd

04 maaie 2011 - 16:09

De bern fan de Snitser wenwyk Noorderhoek hawwe woansdei in sportkoai en oare berneboatterstastellen yn gebrûk naam. Yn gearwurking mei de wykbestjoeren pleatst de gemeente Súdwest Fryslân de kommende tiid yn totaal seis fan sokke sportkoaien yn wenwiken.

De eardere gemeente Snits hie it plan om oeral yn de stêd sportive moetingsplakken foar jongeren oan te lizzen sadat se sporte kinne en net hoege om te hingjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)