NK sterkste man yn Fryslân

04 maaie 2011 - 15:51

Nei 14 jier wurdt de wedstriid fan de sterkste man fan Nederlân wer yn Fryslân organisearre. Op sneon 16 july sille de sterkste manlju fan Nederlân yn Surhústerfean stride om de titel.

De wedstriid is tagelyk ek de offisjele iepening fan it nije Torenplein yn it doarp. It is de ferwachting dat alle toppers nei Surhústerfean komme. De lanlike stjoerder RTL7 is oanwêzich om opnamen te meitsjen foar in programma oer de wedstriid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)