Bysûndere fôltsjes berne

It Houtwiel-gebiet by Broeksterwâld
Yn natoergebieten de Houtwiel by Broeksterwâld en de Twizelermieden by Twizel binne de ôfrûne wike fjouwer saneamde Exmoor fôltsjes berne. Exmoor hynders binne tige seldsume hynders dy't ôfstamme fan it oerhynder.
De bisten wurde troch Steatsboskbehear brûkt om it gers yn de wiete natoergebieten koart te hâlden. De Exmoor hynders binne wylde bisten en hoege dus net fersoarge te wurden. Yn totaal binne der no 18 hynders.