Ut de klean op Oerol

04 maaie 2011 - 12:50

By ien fan de foarstellings op Oerol sille sawol de spilers as it publyk neaken wêze. It giet om it stik 'Viva la naturisteracion!' fan teaterselskip De Warme Winkel. It giet oer in groep freonen dy't in nije utopyske mienskip stichtsje wolle as naturisten. De akteurs spylje it hielendal neaken.

By de gewoane foarstellings mei de besikers gewoan de klean oanhâlde, mar ien foarstelling wurdt spesjaal spile foar in bleat publyk. Neffens De Warme Winkel is der al in soad animo foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)