Lanlike oanpak guozzen
Natoerbeskermers, behearders fan natoerterreinen, boeren en jagers binne it lanlik iens oer de oanpak fan guozzen. Yn Fryslân binne dy ôfspraken al earder makke, mar It Fryske Gea is der net bliid mei, want de guozzen yn Fryslân hâlde harren net oan provinsjegrinzen.
Lanlik is no ôfpraat dat der net mear as 100.000 skiere guozzen oer bliuwe meie en it tal pauguozzen dat hjir simmerdeis bliuwt, mei net mear groeie.