Net smoke yn Skylger natuer

Der mei net mear smookt of stookt wurde yn de natuergebieten op Skylge. Dat hat de gemeente yn oerlis mei de brânwacht en Steatsboskbehear besletten. It ferbod jildt foar de bosken, de heide en de dunen. Neffens SBB is it ekstreem droech en is der in brângefaarlike situaasje.
Op It Amelân jildt it ferbod ek al. Op Skiermûntseach en Flylân jildt it ferbod noch net, mar bewenners en besikers wurde dêr wol frege foarsichtich te wêzen mei fjoer.