Dyk ôfsletten troch ûngelok
De Frjentsjerterwei tusken Frjentsjer en Hitsum is wer iepen foar ferkear. De dyk waard fan 'e moarn ôfsletten om't der even foar sân oere in iensidich ûngelok plakfûn hat.
De bestjoerster fan de auto is dêrby beknypt rekke. De brânwacht hat har út de auto helle en de frou is oerbrocht nei it sikehûs.