Aldjiersfeest helpt feiligens

It projekt fan de gemeente Dantumadiel om de oerlêst mei âld en nij te beheinen, is nominearre foar de Publieke Veiligheidsaward 2011. Mei it projekt Alde gebrûken, Nije oanpak slagge it de gemeente de skea troch fjoerwurk en fernielings drastysk werom te bringen.
Foar de âldjiersfeestlikheden wurde yn de doarpen ôfspraken makke mei jongerein en frijwilligers oer wat der al en net kin om der in moai feest fan te meitsjen.