Adventurerun oars opset

03 maaie 2011 - 22:27

SV Friesland lûkt him werom út de organisaasje fan de Ameland Adventurerun. Sân jier hat SV Friesland de loop mei de Stichting Sportpromotie Ameland organiseard, mar koartlyn binne beide partijen ta de konklúzje kaam dat de doelstellingen fan de organisaasjes te fier útinoar lizze. Ek spylje der kultuerferskillen mei. De Adventurerun giet wol gewoan troch, dêrfoar wurdt gearwurking socht mei de gemeente, de VVV en in eveneminteburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)