Tsjerken fjochtsje om ryksjild

03 maaie 2011 - 22:22

Tsjerken dy't de lêste seis jier al rykssubsydzje krigen hawwe foar restauraasje, moatte de kommende jierren mar ris oerslein wurde. Dat skriuwt de Stichting Behoud Kerkelijke Gebouwen yn Fryslân yn in brief oan steatssekretaris Halbe Zijlstra.

De stichting die yn jannewaris oanfragen foar 124 tsjerken, mar dêr is mar 20% fan takend. Takom jier komt wer in nije pot. De stichting fynt it net terjochte dat tsjerken dy't al jild hân ha, dan wer oanfreegje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)