Oplossing foar rûzje Himmelum

03 maaie 2011 - 20:41

In oplossing foar in grutte buertrûzje tusken in tal gesinnen yn Himmelum, is binnen hânberik. De plysje hat mear as hûndert kear yn 't spier west fanwege de saak. It skeel krige lânlik omtinken doe't der fragen oer steld waarden yn de Twadde Keamer.

Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest Fryslân hat mei belutsenen om tafel west om in útwei te finen. Dat is slagge seit Apotheker, mar pas as der hantekens set binne wol er mear sizze oer syn oplossing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)