Soad guod út WO II ynbrocht

03 maaie 2011 - 17:10

Tsientallen foto's, dokuminten, foarwerpen en oare saken út de Twadde Wrâldoarloch binne tiisdei nei it Frysk Fersetsmuseum brocht. Dat waard dien fanwege de lanlike aksje: Niet Weggooien. Doel fan dy aksje is dat de ferhalen achter it guod út dy tiid net ferlern gean.

Yn Ljouwert kamen goed 70 besikers nei it museum en fierder wiene der in soad telefoantsjes oer de aksje. De foto's en it dokumintaasjeguod dat it museum krijt, wurde oerbrocht nei Tresoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)