Sietske H. yn heger berop

Sietske H. giet yn heger berop tsjin de selstraf fan tolve jier dy't de rjochtbank har oplein hat. Dat hat har advokaat de redaksje fan Omrop Fryslân witte litten. Neffens advokaat Barbara Klunder is Sietske H. freeslik skrokken fan de útspraak.
It heger berop moat noch by de rjochtbank ynsteld wurde. Sietske H. krige tolve jier sel oplein foar deaslach op de earste poppe en moard op de trije oare poppen.