Grôtfol hûs ûntromme

03 maaie 2011 - 14:26

De plysje hat moandeitejûn yn Ljouwert dwaande west mei it opromjen fan in hûs oan de Valeriusstrjitte. Ferûntrêste buorlju hiene de gemeente belle om't se de buorman al in skoftke net mear sjoen hiene.

Doe't de wenningbouferiening en de gemeente en de by it hûs oankamen ûntdutsen se dat it appartemint oan de nok ta fol guod stie. It wie sa slim dat de foardoar net iens iepen koe. Doe't de skjinmakkers dwaande wiene mei opromjen kaam de bewenner wer thús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)