Tolve jier sel foar Sietske H.

03 maaie 2011 - 13:50

Sietske H. fan Nij Beets is tiisdei troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta tolve jier sel foar it ombringen fan har fjouwer lytse poppen. Dat is konform de eask fan de offisier fan justysje op 19 april.

Sietske H. brocht tusken 2003 en 2009 trije famkes en in jonkje fuortdalik nei de berte troch ferstikking om it libben. Se bewarre de lichemkes fan de lytse poppen yn fjouwer koffers op de solder. Sietske H. waard augustus feline jier oppakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)