Klokken út Lekkumer toer helle

Mei in fertraging fan ien dei wurde tiisdei yn Lekkum de beide âlde klokken út de toer helle. De grutste is der yntusken úthelle. Tiisdeitemiddei wurdt ek de lytse klok út de toer helle. Moandei rûnen de wurksemheden fertraging op, omdat twa âlde ûnderdielen net goed los woene.
De klokken binne troch de jierren hinne skansearre rekke by it lieden. Dat moat by in bedriuw yn Dútslân makke wurde.