Bruin langer yn de wachtkeamer

© Omrop Fryslân
Sportklup Cambuur set Jan Bruin noch langer yn de wachtkeamer foar in nij kontrakt by de klup. De âld-oanfaller soe moandei in petear ha mei de kluplieding, mar dat is no útsteld oant 30 maaie. Cambuur wol earst de begrutting foar takom seizoen rûn ha, foar't se Bruin dúdlikheid jaan kinne.
Bruin: 'Ik wil mezelf blijven ontwikkelen als trainer. Mocht er een club voor mij komen, dan zal ik daarmee in gesprek gaan. Anders is er straks helemaal geen club meer vrij.'