Gjin Profronde fan Fryslân

03 maaie 2011 - 11:29

De Profronde fan Fryslân wurdt dit jier net ferriden. De organisaasje fan de wedstriid, dy't foar snein 10 july op de kalinder stie, hat net in nije haadsponsor fine kinnen. De lêste trije jier waard de wedstriid ferriden mei de namme 'Batavus Pro Race', mar dy grutte sponsor is ôfheakke. Yn 2004 en 2005 die Grinslân ek mei, doe wie it de Noard-Nederlân Toer.

Takom jier wurdt besocht om minimaal 100.000 euro op it kleed te krijen. Dan soe der wer fytst wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)