Mooglik staking tabaksfabryk

By de tabaksfabryk Imperial Tobacco Group op 'e Jouwer driget in staking. As de direksje de salarisplannen net weromdraait, sille 240 meiwurkers it wurk dellizze. Goed 60 arbeiders hawwe te hearren krigen dat se útsletten wurde fan in leansferbettering en dêr geane sawol de troffen wurkers as har kollega's net mei akkoart. Neffens harren ferstjinnet elkenien in leansferheging.
Der is no in ultimatum steld dat freed om 12 oere middeis ôfrint.