Al 45 bekeurings by Goutum
Al 45 minksen hawwe de ôfrûne wike in bekeuring krigen foar it riden op in ôfsletten dyk. De Wergeasterdyk en de Brédyk yn Goutum binne ôfsletten om't buertbewenners kleie oer it tanimmen fan slûpferkear.
De plysje sil de kommende tiid faker kontrolearje op de Goutumer diken.