Rubberboat stellen yn Akkrum

03 maaie 2011 - 10:35

Ut de Meinesleat yn Akkrum is moandeitenacht in rubberboat mei bûtenboardmotor stellen. In ynwenner fan Akkrum hat de stellerij by de plysje meld, omdat er der wekker fan waard.

Om kertier foar trijen sloech de hûn fan de Akkrumer oan. Doe't er derôf gie om te sjen, hearde er dat de motor fan it boatsje start waard en seach er it fuortfarren. It boatsje is noch net weromfûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)