Auto stellen yn Berltsum
De plysje docht ûndersyk nei it stellen fan in auto yn BerAuto stellen yn Berltsum. It giet om in grize Toyota Avensis dy't moandeitejûn parkearre stie op in oprit oan de Hofsleane.
Tsjûgen seagen dy jûns in ûnbekende man yn de strjitte, mar it is net bekend oft er de auto stellen hat. De plysje is dêrom noch op syk nei mear tsjûgen.