17e-ieusk Tall Ship Friesland
It moat in moderne look-a-like wurde fan in 17e-ieusk linyskip: it Tall Ship Friesland. Tiisdei wurdt úteinset mei de bou fan it grutte passazjiersskip. Doel is dat de TS Friesland yn de maitiid fan 2014 klear is.
It skip sil neist in passazjiersskip ek de funksje fan opliedingsskip krije. Der is plak foar sa'n 100 gasten. It skip sil Harns as thúshaven krije.