Fertocht pakket yn Ljouwert

03 maaie 2011 - 08:01
  • In robot doch ûndersyk (Foto's: Omrop Fryslân)

De plysje hat ûndersyk dien nei in fertocht pakketsje dat tiisdeitemoarn betiid fûn is op de Turfmerk yn Ljouwert. Om healwei fjouweren krige de plysje in melding dat foarbygongers in fertocht pakketsje sjoen hiene.

In saneamde bomferkenner hat de doaze mei triedden ûndersocht en kaam ta de konklúzje dat der mooglik gefaar wie. Dêrnei is de omjouwing ôfset. Der binne gjin minsken evakuearre. Omtrint njoggen oere waard it sein jûn dat it feilich wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)