Boer frijsprutsen yn AID-saak

02 maaie 2011 - 15:27

In 63-jierrige man út Koatstertille is troch it Hôf frijsprutsen fan besykjen ta deaslach fan AID-meiwurkers. De boer wie troch de rjochtbank feroardiele ta 12 moannen sel wêrfan 6 ûnder betingst. Yn heger berop is er no frijsprutsen.

Twa jier lyn naam de AID fan him 100 stiks ferkommen fee yn beslach. De boer ried doe mei de trekker tsjin in muorre dêr't de AID'ers achter stiene. Hy woe it fee út de stâl krije en net de minsken wat oandwaan, seit de boer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)