Hynstetrailer omslein op A32

02 maaie 2011 - 14:55
  • Foto's: Omrop Fryslân
  • It hynder wie net ferwûne

In hynste-oanhingwein is moandei omslein by in ûngelok op de A32 by Grou. In hynder kaam fêst te sitten en moast der troch de brânwacht úthelle wurde. It hynder is dêrnei mei in oare trailer fuortbrocht. De sjauffeur fan de auto dy't de hynstewein luts, mankearde neat. De oarsaak fan it ûngelok is ûnbekend.

Troch it ûngelok hie it asfalt skea. Rykswettersteat moat dat reparearje. It ferkear hat dêr de rest fan 'e middei hinder fan, is de ferwachting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)